70 kilometer Natura-2000 kust himmele

18-10-2021 LEMMER – Europa wil bedreigde dieren en planten beschermen. Het IJsselmeer is het grootste zoetwatermeer van Europa, waar veel vogels langere of korte tijd verblijven. Daarom is het IJsselmeer aangewezen als Natura 2000 gebied. Zodat het voor heel Europa kwetsbare vogels een goede omgeving kan bieden om te eten, te ruien of te broeden. We moeten dus voor heel Europa zorgen dat we het IJsselmeer schoon en rustig houden voor de vogels.

Himmelers foarmje de N van Natura 2000 – tink benammen om plestik!
Foto: Ruud Meurs

De frijwilligers fan de Himmelaksje fan de Iselmarkust binne net ûntefreden oer de rekreanten fan Súdwest Fryslân. At je sa mei syn allen de kust himmelje, fine je fansels wol in stikmannich pûden fol rommel en rotsoai. Mar it hie folle slimmer wêze kinnen. Dus de kompliminten oan elk dy’t de Iselmar besiket. De komplimenten ek oan elk dy’t altiten al dwaande is om stikken strân of dyk skjin te hâlden.

Wat fine je no ûnderweis in soad: plestik. Dat is gjin wûnder, want plestik dat brekt net ôf. It ferkrommelt yn hiele lytse dieltsjes, de saneamde microplastics. Der binne gjin baktearjes dy’t dêr ried mei witte. Dus dat bliuwt foar altiten omsweven op ierde. Der binne allerhande duorsumer alternativen foar it picknicken lykas lykas bekers, drink-reidsjes en tassen fan karton, papier, bamboe, kokos, ensfh. Doch dat graach yn de ôffalbak, of nim it mei nei hûs. Mar mocht dat mislearje, dan wurdt it yn alle gefallen op ’en doer wei.

Mei tank fan alle fûgels en fisken, fan alles dat libbet yn de Iselmar.