De Sunderes

30-05-2023 BANTEGA – Ferneamd berneboekenskriuwster Nina komt werom nei har bertegrûn. Krekt bûten it doarp, wêr’t se hikke en tein is, leit in lyts wetterke dat de Bantegeasters de Kolk neame. Dit is it plak wêr’t Nina sawat eltse nacht in har dreamen meisûcht wurdt yn in draaikolk de ûnmjitlike djipte yn. Hjoed hat se besletten om in antwurd te finen op de fraach wêrom’t dizze nachtmerje har sa pleaget. By de Kolk moetet de praatske Nina de swijsume Frâns. Se hellet him oer om tegearre mei har ferhalen te betinken oer wat er allegear op dit plak bart is of barre kinne soe. De ferhalen komme ta libben en bringe Nina stadichoan tichter by it antwurd dat djip yn har ferburgen leit.

De Sûnderes is in komysk en magysk teaterstik op in bysûndere lokaasje. It is in ferhaal oer fantasy, freonskip, fertwiveling en it weromfine fan dysels.

Data
Op dit stuit binne der 6 datums ynpland foar de foarstellingen fan Iepenloftspul Bantegea yn 2023. Dêrneist binne der trije reservedatums reservearre as backup foar omstannichheden lykas min waar. Set dyn favorite datum alfêst yn dyn aginda, sadree ’t de ticketferkeap wier úteinset, litte wy dat hjir fuort witte. De datums kinne noch feroarje.

De foarstellingen starte om 20:30 oere. “De Sûnderes” wurdt útfierd neist en op De Kolk, tsjinoer Middenweg 158, 8538 XH yn Bantegea. Bestelje nó jo tickets!

08-06-23Première
09-06-232e foarstelling
10-06-233e foarstelling
13-06-234e foarstelling
16-06-235e foarstelling
17-06-236e foarstelling