Klaas Jager fynt earste ljipaai efter Nijehaske

15-03-2021 LEMMER – Om kertier oer âlven op freed te moarn is it earste ljipaai fan ús gemeente fûn troch Klaas Jager (68) út Aldehaske. Hy fûn it aai, in ientsje, yn in stik maïslân efter Nijehaske, yn syn eigen neisoarchgebied. Hy komt dêr al fan jongs ôf oan en is thús yn dit gebied. Klaas Jager is neisoarchkoördinator en fûn ek yn 2018 it earste ljipaai fan ús gemeente. Nei eigen sizzen is it de 5e kear, sûnt syn jeugd, dat er it earste ljipaai fan de gemeente fynt. Bysûnder dus! Fan boargemaster Fred Veenstra kriget Klaas Jager moandei de oarkonde en it finerslean.